Theo Joosten foardroegen as nije foarsitter CDA Fryslân

© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It bestjoer fan CDA Fryslân hat Theo Joosten út Ljouwert foardroegen as nije foarsitter. Hy moat Bert Kuiper opfolgje, dy't dermei ophâldt. Joosten is sûnt 2013 foarsitter fan CDA Ljouwert. Hy is beskikber nei de weryndielingsferkiezings fan novimber.
It bestjoer fan CDA Fryslân stelt foar om Joosten op de ledegearkomste fan april, mei yngong fan 1 desimber te beneamen.