Ynspiraasjejûn oer lokaal iten yn Wurdum

Hieltyd mear minsken wolle lokaal en lytsskalich ite en ek yn in protte restaurants stean streekprodukten heech op de menukaart. Dêrom organisearret Lânskipsbehear Fryslân tongersdei in ynspiraasjejûn yn Wurdum. In soad Friezen wolle tsjintwurdich ek sels harren iten tele. It tal lokale inisjativen dêrfoar is de lêste jierren tanommen.
Sa ek de doarpstún fan Snakkerbuorren, dêr wurde al jierren ferskate gewaaksen kweke. Theo van der Molen, de behearder fan de tún, is ien fan de sprekkers by de ynspiraasjejûn yn Wurdum.
De súksesfolle Doarpstún fan Snakkerbuorren jildt as in boarne fan ynspiraasje foar oare Fryske doarpen dy't ek fan doel binne om mei sa'n tún te begjinnen. De Doarpstún hat op it stuit sa'n 70 frijwilligers. Tongersdei is in spannende dei foar de tún, want der wurdt beton stoart foar it nije Praathûs. Theo van der Molen fan de Doarpstún ûnderstreket dat njonken it túnkjen ek it sosjale aspekt fan de Doarpstún tige wichtich is. "Hjir binne freonskippen ûntstien. De minsken tinke ek om inoar as der sykte is. Dat is hiel wichtich." Fierder is it opbouwen en útbouwen fan in doarpstún yn syn fyzje foaral in kwestje fan folhâlden. "Soks giet mei ups en downs, dat jildt ek foar ús.'' Fierder helpt it de Doarpstún geweldich dat it ferbouwen fan eigen iten hjoed-de-dei yn de moade is. "We hawwe de tiid mei, dat is dúdlik te fernimmen."