Kollum: ''Assumption''

30 mrt 2017 - 08:13

"Assumption is the mother of all fuck-ups. Oannamen binne it begjin fan al it gepruts. Ik bin gek op dit soarte koarte sintsjes, dy’t wier binne as natuerwetten. Ik moast der fan ‘e wike oan tinke doe’t ús nijs berikte út it magyske Amearika.

Yn in foarstêd fan Phoenix yn Arizona is in ûngelok bard mei in selsridende auto. It wie in auto fan it ynternasjonale taksybedriuw Uber. De auto ried yn self-driving mode, mar der wienen gjin passazjiers oan board. 

De Uber-auto wie net ferantwurdlik foar it ûngelok, sa sei Uber. Der kaam in auto fan de oare kant en die gie linksôf. Dit ûngelok wie ek bard wannear't der in minske efter it stjoer sitten hie, seit Uber, en se heakje dêr oan ta dat der net ien ferwûne rekke is. Se skrasten fuortendaliks harren selsridende auto-programma op, foar trije dagen, en binne no al wer folop yn bedriuw. Neat oan ‘e hân. Dochs?

Ik sit allinnich noch mei in pear fragen. Wêrom ride se yn in foarstêd fan Arizona, as se ek ride kinne yn California, by Silicon Valley, de thúsbasis fan alle high tech? The Denver Post hat dit útsocht. Om’t se dêr net oan safolle feilichheidsregels hoege te foldwaan. Der is in ferskaat oan bedriuwen dy’t selsridende auto’s teste yn Arizona, mar der is gjin data fan hoefolle ûngelokken dy feroarsake ha. Want dat hoege se yn Arizona net troch te jaan. 

Twadde fraach: de Uber-auto lei op syn side. Dit wie in Volvo, en wol de dikste Volvo dy’t te keap is. Volvo’s binne de feilichste auto’s dy’t bestean, út it lân fan de eland-test, en dizze is sa’n twa ton swier. Mei hokker rydstyl krijst dy op syn kant? 

Tredde fraach: ik ha yn myn leven in pear auto’s sjoen dy’t de glêde kant net mear boppe hienen. De oarsaak wie altyd dat de bestjoerder in oanname dien hie dy’t net kloppe. De dyk wie toch glêder, de bocht wie toch krapper of de oar wie toch tichter by as assumed. Dus dizze selsridende auto hat ek in oanname dien. Dy’t net kloppe. 

Tafallich haw ik in pear jier lyn sprutsen mei de ûntwikkeler by Volvo, want dy wurkje krekt as Uber ek oan in selsridende auto. Hy sei doe dit: “Het enige antwoord dat we kunnen geven is dat we er voor moeten zorgen dat een zelfrijdende auto nooit in zo’n situatie komt.”

Erik Coelingh is Nederlander en wurket bij Volvo yn Sweden. Ik frege him nei oannamen yn it ferkear. “Momenteel rijden wij op snelwegen. En een auto staat in de berm. Als wij voorbij die auto moeten, moeten we er heel zeker van zijn dat er niet zomaar een voetganger achter die auto vandaan komt. Als er een risico bestaat dat er een voetganger achter die auto vandaan zou kunnen komen, dan moet die zelfrijdende auto gewoon iets langzamer gaan rijden.”

Der hat no al in selsridende auto west dy’t yn sa’n situaasje kommen is, in Volvo noch wol. Troch in oanname. Wannear sels ridende auto’s deselde of nog stommere oannamen dogge as wy minsklike bestjoerders, dan sjitte we netto neat op mei selsridende auto’s. 

Mar nee. We binne blyn troch de bling bling fan de technology en de falske beloften oer feiligens en miljeu. Want op deselde dei kaam ek nijs út it magyske Brabân. Der komt by Tilburg in testtrajekt foar selsridende auto’s.

“Want dat maakt Brabant heel erg bijzonder. Er zit hier heel veel kracht, heel veel bedrijven, en overheden zijn bereid om mee te werken door wet- en regelgeving tijdelijk aan te passen om die mogelijkheden te bieden. Daarom in Brabant.” (ferslachjouwer:) “Wij zijn slim, eigenlijk.” “Wij zijn slim, zo is het.”

Dat dizze Brabanners tûk binne, is in assumption…"

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)
(advertinsje)