Harns giet net samar wer yn see mei Van Meurs

29 mrt 2017 - 20:50
Parkearterrein by de Tsjerk Hiddesslûzen yn Harns - Foto: Google Streetview

De gemeente Harns ferlinget it kontrakt mei parkear-eksploitant Van Meurs foarearst net. Dat antwurdet wethâlder Harry Boon op fragen fan GrienLinks en Wad'n Partij. It kontrakt rint op 1 april ôf. De gemeente en de firma Van Meurs binne noch yn ûnderhanneling. Mooglik moat in nij kontrakt Europeesk oanbestege wurde. It bedrach dêr't op ynskreaun wurde moat, leit boppe de Europeeske noarm.

Van Meurs regelet al 25 jier it parkearjen op de twa grutte parkearlokaasjes, it terrein Tsjerk Hiddesz en de parkeargaraazje by de fearboaten.

It kontrakt waard om de fiif jier hast sûnder diskusje ferlinge. Ek no hat Van Meurs oanjûn graach troch te gean mei de eksploitaasje fan de twa grutte parkearplakken yn de stêd.

Wethâlder Harry Boon seit dat hy neat sizze kin oer de status fan de ûnderhannelingen. Der binne djipgeande petearen, sa antwurde Boon op fragen yn de ried. It parkearjen kin wol gewoan trochgean. Der is allinnich noch gjin kontrakt en ek is der noch gjin priis fêstlein, sa sei de wethâlder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)