Bushokje op It Hearrenfean besketten

29 mrt 2017 - 20:22
It bushokje oan de Vogelwijk op It Hearrenfean - Foto: Google Streetview

Op It Hearrenfean is tiisdeitejûn in bushokje besketten mei in luchtdrukpistoal. It bushokje stiet oan de strjitte Vogelwijk. In tsjûge belle de plysje oer de sjitterij. Mar de skutter wie al fuort. De plysje siket in blanke jonge mei in heallange, blauwe jas oan. Hy wie fuortfytst fia de strjitte Uilevlucht.

Trefwurden: 
bushokje sjitterij
(Advertinsje)
(Advertinsje)