Nij plan sinnepark Wurdum kriget ek gjin fiat fan gemeente

29 mrt 2017 - 18:16

De gemeente Ljouwert wol ek net meiwurkje oan de plannen foar in sinnepark fan Groen Leven by Wurdum. Yn it doarp is woansdeitejûn oerlis mei de ynwenners. De gemeente praat mei Doarpsbelang. By dat oerlis binne ek de wethâlders Deinum en Douwstra oanwêzich.

Groen Leven fan It Hearrenfean wol by Wurdum in sinnepark fan 17 bunder oanlizze. Ferline wike waarden de plannen fan in Dútsk bedriuw foar 41 bunder sinnepanielen ek al ôfsketten omdat dat fierste grut wurde soe. De Wurdumers wolle wol in sinnepark fan 3 of 4 bunder hawwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)