Marrekrite wol dúdlikens jaan oer besteging wimpeljild

29 mrt 2017 - 17:39

Rekreaasjeskip De Marrekrite wol tenei better dúdlik meitsje wêr't it jild fan de ferkeap fan wimpels oan wettersporters hinne giet. Ferline jier hat dat in rekôrbedrach opsmiten fan 175.000 euro.

Oare jierren bedarre de opbringst altyd yn de ûnderhâldspot fan it rekreaasjeskip. No wurdt it jild eksplisyt útjûn oan it ferfangen fan de stegers fan de Lange Sleat by Earnewâld en oan in daamwand fan de Dokkumer Ie op de hichte fan de de brêge Klaarkamp.

De Marrekrite krige de lêste tiid hieltyd faker fragen fan wettersporters oer de bestimming fan de sinten, seit direkteur Lourens Touwen fan De Marrekrite.

Trefwurden: 
De Marrekrite wettersport
(Advertinsje)
(Advertinsje)