Onderzoeksraad besjocht feiligens spoaroergongen

29 mrt 2017 - 17:35
Foto: Camjo Media

De Onderzoeksraad voor de Veiligheid sil sjen oft breder ûndersyk nedich is nei de feiligens fan spoaroergongen sûnder bewaking. Oanlieding is de botsing tusken in trein en in auto moandei yn Harns. Dêrby kamen in 31-jierrige heit en syn soantsje fan trije om it libben. De ûndersyksried wol besjen oft in breder ûndersyk liede kin ta nije ynsichten en oanbefellings om de feiligens te ferbetterjen. Oer in tal wiken wurdt dúdlik oft dit ûndersyk der komt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)