Piet Bakkerskoalle Snits wint ek nasjonale ûnderwiispriis

29 mrt 2017 - 17:19

De Piet Bakkerskoalle yn Snits hat de nasjonale ûnderwiispriis wûn. De priis is woansdei útrikt yn Rotterdam. De Piet Bakkerskoalle is in skoalle foar bern en jongerein tusken de fjouwer en tweintich jier dy't dreech leare kinne en in mearfâldige beheining hawwe.

De sjuery is benammen goed te sprekken oer de manier hoe't de Snitser skoalle âldere learlingen in beropsoplieding jout. Dat wurdt op bedriuwen dien, ûnder begelieding fan in dosint. De priis bestiet út in bedrach fan 7000 euro en in trofee.

Yn jannewaris wûn de Piet Bakkerskoalle de provinsjale ûnderwiispriis en gie dêrtroch nei de lanlike finale. Dêr hienen se 23 konkurrinten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)