Fyftjin moannen easke tsjin Ljouwerter yn wytwasksaak

29 mrt 2017 - 16:42

Tsjin in 37-jierrige Ljouwerter is fyftjin moannen finzenisstraf easke omdat er belutsen wêze soe by in grutte wytwasksaak. De man soe him oer in langere perioade dwaande hâlden hawwe mei strafbere feiten, mei neist it wytwaskjen ûnder oare ek himptylt. Hy soe benammen de haadfertochten yn de saak holpen hawwe, in echtpear út Ljouwert. Tsjin dy man en frou waard earder dizze wike tolve en fjouwer jier sel easke.

De 37-jierrige Ljouwerter hearde in folle legere strafeask, omdat er net sels better fan de kriminele aktiviteiten wurden is.

De man hat boppedat oan de plysje iepenheid fan saken jûn, mei as gefolch dat hy en syn húshâlding bedrige wurde. Om dy reden waard de saak tsjin him yn in befeilige bunker yn Amsterdam behannele. Op 22 maaie docht de rjochtbank útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)