Nij Smellinghe scant medisinen oan bêd foar it útdielen

© Omrop Fryslân
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten wol it tal flaters dat makke wurdt by it útdielen fan medisinen oanpakke, troch alle pillen by it bêd tenei earst te scannen. Dêrfoar skaft it sikehûs in nij automatisearre systeem oan, mei de namme 'MedEye'. Nij Smellinghe is it twadde sikehûs yn Nederlân dat it systeem brûkt. It útdielen fan ferkearde medisinen kin grutte gefolgen hawwe en is ien fan de grutste risiko's as in pasjint opnommen wurdt yn it sikehûs.
Neffens sikehûsapteker Dick Bloemhof wol it sikehûs it leafst alle flaters foarkomme, mar is dat yn de praktyk net helber. Foaral by it útdielen fan de medisinen kin maklik wat misgean.