Spotters spotte by Frisian Flag

29 mrt 2017 - 14:10

In bulte leven en se binne sa wer fuort; Frisian Flag is wer begûn. Ut België, Poalen, Dútslân, Ingelân Portugal en Frankryk oefenje strieljagers yn it Hollânske, Dútske en Deenske loftrom, mar sy geane út Ljouwert wei de loft yn. Wêr’t strieljagers binne, binne ek in protte minsken dy’t gek op fleantugen binne: spotters. Mei enoarme linzen steane sy dêr harren kykjes te meitsjen, mar wa binne dy spotters eins? En wat fine sy sa moai oan de strieljagers?

Ien fan dy spotters is Johan de Reuver út Elburg yn Gelderlân. Hy stiet mei syn koptelefoan op te lústerjen nei de scanner. Dêrop heart hy de ferkearstoer en de piloaten mei inoar praten. Hy hat der twa dagen foar útlutsen om de strieljagers yn Ljouwert op de foto te setten. Fan oarsprong is hy in treinspotter, de fleantugen kamen letter. “Afgelopen jaar ben ik hier ook met deze NAVO-oefening geweest en nu weer. Wat mij altijd verbaast, is dat zo’n Eagle (Amerikaanske F-15) 30 ton weegt. En dat gaat gewoon zomaar de lucht in. En dan ook nog zo snel. Ja, schitterend”, fynt er.

In eintsje fierderop steane Roy Weijls en Nicole Meijer, in steltsje. Sy binne út Gelderlân wei nei Ljouwert riden om foto’s te meitsjen. Sy hawwe inoar net kennen leard troch it spotten. “Het is eigenlijk al een voorliefde van mij, samen met mijn broer. En vorig jaar zijn we samen bij de Luchtmachtdagen geweest, dus ik denk dat het daar voor haar een beetje ontstaan is. Het is gewoon prachtig om te zien dat dat soort machines de lucht in gaan. En volgens mij als kind, tenminste als jongen, wil je allemaal piloot of brandweerman worden. Mijn ouders hebben mij ooit meegenomen toen ik 12 was, en zo is het eigenlijk ontstaan”, seit Roy.

Syn freondinne hat suver as iennige frou in kamera yn de hannen. “Ja klopt, ik vind fotograferen heel erg leuk. Mijn vriend heeft mij eigenlijk een beetje aangestoken met het virus”, seit Nicole. Mar wat is it moaiste? “Nou, als ‘ie er goed opstaat kan ik daar heel erg van genieten!”

Neist Roy en Nicole stiet Luuk Huisman út Grinslân mei in enoarme lins op syn kamera. Soe sa’n lins djoer wêze? “Nou, dat valt mee. Ik denk alles bij elkaar duizend euro ongeveer.” Mar wat fynt Luuk no sa moai oan it spotten fan de lawaaibakken? “De diverse toestellen en dit mooie weer. Ja, je moet ervan houden hè”, seit er.
Mar net allinnich de strieljagers fynt er moai. Ek de boargerloftfeart fynt er moai, mar as hy dochs in kar meitsje moat út de fleantugen fan hjoed: “Ja, dan vind ik de F-15 toch wel het mooist. Dat is voor vandaag de favoriet.”

Mar ach, hast foar it spotten fan fleantugen eins altyd in lins nedich of kinst ek gewoan mei dyn eagen nei de fleantugen sjen? As it oan de lytse Jürgen Beeuwsaert leit wol. Hy is mei syn oppas by it fleanfjild. “Ik vind het heel mooi. Papa heeft wel een hele grote lens, maar ik niet. Maar die ga ik later, als ik groot ben, wel kopen.” It lawaai fynt er it moaiste, mar hy hat wol earkleppen op.

De fleantugen binne oant en mei 7 april yn Ljouwert te sjen. Dêrnei fleane sy wer werom nei harren thúsbasis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)