Mear ûndersyk nei opwurdearjen farwei Terherne

29 mrt 2017 - 13:19

Hast 1500 minsken ha in petysje ûndertekene tsjin de oanpassing fan de farwei by Terherne. De petysje is woansdeitemoarn oerlange oan Provinsjale Steaten. De provinsje hat plannen om de farwei nei It Hearrenfean op te wurdearjen. It moat dan geskikt makke wurde foar langere skippen. De rûte giet lâns Terherne. De doarpsbewenners binne fûl op de plannen tsjin. It is ûnfeilich foar de minsken op it wetter en boppedat is der grutte kâns op skea oan de wâlskanten. Pleatslik Belang wol dan ek dat der neier ûndersyk komt.

De Steaten binne it dêr mei iens en ha Deputearre Steaten opdroegen nij ûndersyk te dwaan en mei in better plan te kommen.

Trefwurden: 
Terherne farwei
(Advertinsje)
(Advertinsje)