Opera oer Mata Hari komt út Haarlem

29 mrt 2017 - 13:06

Yn Haarlem wurdt de lêste hân lein oan in opera oer de Ljouwerter masterspionne Mata Hari. Op 15 oktober is it 100 jier lyn dat se eksekutearre waard yn Frankryk foar heechferried. It wie foar regisseur Xandra Mizée oanlieding om in opera te skriuwen. Al sûnt se in jong famke wie is se ûnder de yndruk fan Mata Hari. Benammen dat it har as frou slagge har libbensrin yn eigen hannen te nimmen op it momint dat se sûnder jild siet. Se wurke har as dûnseres op yn de keunstwrâld fan Parys en waard wrâldferneamd.

Yn de opera wol Mizée komponisten út dy tiid en dy't Mata Hari mooglik ek kend hat, har tasjonge litte. It stik wurdt yn novimber opfierd yn Haarlem. Op 27 desimber is te sjen yn skouboarch De Harmonie yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Opera Mata Hari
(Advertinsje)
(Advertinsje)