Ljouwert ynspektearret stedsgrêften mei nije technyk

29 mrt 2017 - 12:06

De gemeente Ljouwert ynspektearret woansdei en tongersdei de kaden fan de stedsgrêften. Dit bart dit jier foar it earst mei sonarapparatuer en mei 'videomapping'. Troch dy twa techniken te kombinearjen binne de bylden fan ûnder wetter en dy fan boppe wetter neist elkoar te lizzen. Sa krijt de gemeente in kompleter byld fan de hiele stedsgrêften. De ynspekteur sjocht nei fersakkingen, skuorren en oare swakke punten. "De conditie is, ondanks troebel water, meteen te zien" neffens it bedriuw dat it wurk útfiert.

Mei elkoar wurdt goed 3,5 kilometer kade ynspektearre. De gemeente Ljouwert hat sa'n alve kilometer oan kademuorren. Elke kade wurdt ienris yn de fiif jier fisueel ynspektearre. Mei dizze nije sonartechnyk komt der in flugger, dúdliker en folsleiner byld fan de steat fan de kade.

(Advertinsje)
(Advertinsje)