Theo van Doesburg sintraal yn nije eksposysje yn Dr8888

29 mrt 2017 - 11:24
De Zaaier, 1921 - Foto: Collectie Museum Drachten

Yn Museum Dr8888 is de tentoanstelling 'De Stijl in Drachten: Theo van Doesburg, kleur in architectuur' fan 16 april ôf te sjen. Foar it earst binne hast alle ûntwerpen fan Theo van Doesburg (1883-1931) yn Drachten by elkoar te sjen. Dêrneist binne kleurûntwerpen, glês-yn-leadruten, skilderijen en poëzij fan de bruorren Thijs Rinsema en Evert Rinsema te sjen.

It is de twadde tentoanstelling oer De Stijl yn Drachten yn it ramt fan de lanlike fiering fan 100 jier De Stijl. De útstalling is oant en mei 25 juny te sjen.

Van Doesburg-Rinsemahuis

Yn juny giet ek it Van Doesburg-Rinsemahuis iepen, mei meubels en wurk fan Thijs Rinsema en ûntwerpen fan Theo van Doesburg. Lêstneamde makke it kleurûntwerp yn Drachten foar 16 middenstânswenningen yn 1921. Yn it Van Doesburg-Rinsemahuis kinne besikers in trijediminsjonaal Stijlskilderij belibje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)