Izerflechters Sintrale As krije jild

29 mrt 2017 - 11:17

De provinsje giet der fan út dat de ûnderbetelle izerflechters fan de Sintrale As yn maaie harren jild krije. Dat sei deputearre Schrier fan 'e moarn nei fragen fan de PvdA. Yn maaie is it neier ûndersyk fan de oannimmers klear. De PvdA fynt maaie te let. De partij wol dat de boufakkers earder harren beleanning krije.

Deputearre Schier fynt maaie wol akseptabel. Hy seit dat der in balâns tusken 'snelheid en zorgvuldigheid' wêze moat. Neffens Schrier wurdt de beleanning fan 62 izerflechters neier ûndersocht.

Sy soene by it wurk oan de Sintrale As ûnderbetelle wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)