Rekôromset AB Vakwerk, leden krije in aardige ynstruier

29 mrt 2017 - 11:07

De 4000 leden fan útstjoerkoöperaasje AB Vakwerk hawwe dit jier in moaie tafaller. Foar it earst yn de skiednis krije sy in part fan de winst fan de koöperaasje útkeard. It giet foar alle leden om in bedrach fan hast 500 euro, dat útkeard wurdt as in koarting op de ynhier fan fleksibele arbeid. AB Vakwerk hat ferline jier in rekôromset helle fan 112 miljoen euro. De winst naam ta mei 30 persint en kaam út op 4,4 miljoen euro. De grutste groei waard helle yn de sektor Agri en Food. Yn dy merk hat AB Vakwerk de measte klanten.

AB Vakwerk ûntstie yn 1959 yn Aldeboarn, mei de oprjochting fan de boerehelp. Yn 2000 gong dat oer yn de koöperaasje AB Fryslân, letter kamen ek oare provinsjes dêrby.

AB Vakwerk hat alve regiokantoaren yn Fryslân, Noard-Hollân, Flevolân en Grinslân.

Trefwurden: 
AB Vakwerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)