Njoggen nije wenningen De Harkema
Oan de sudkant fan De Harkema komme njoggen nije wenningen. It giet om sân frijsteande huzen en in twa-ûnder-ien-kapwenning. Dy komme oan de súdwestkant fan de Wide Pet. Neffens de gemeente Achtkarspelen slút de útwreiding goed oan by de winsk fan bewenners dy't in stap meitsje wolle fan in starterswenning nei in grutter hûs.