Undersyk nei gearfoegjen skoallen yn trije gemeenten

29 mrt 2017 - 10:25
(stockfoto) - Foto: Omrop Fryslân

De mooglikheden wurde ûndersocht om iepenbiere en bysûndere basisskoallen yn Opsterlân, East- en Weststellingwerf gear te foegjen. Sa wurdt ynspile op nije regels fan finansjele taslaggen foar lytse skoallen en it weromrinnen fan it tal learlingen.

De ôfrûne tsien jier is it tal learlingen yn de trije gemeenten mei 1.500 ôfnaam. Foar de kommende jierren wurdt in ôfname fan nochris 800 learlingen ferwachte. Yn 2020 soene der dan noch 6.000 learlingen wêze. De plannen hâlde yn dat guon skoallen mooglik ferdwine.

(Advertinsje)
(Advertinsje)