Hjoed aksjedei foar de honger yn Afrika

29 mrt 2017 - 09:00

Wylst wy hjir oan ús moarnsbrochje sitte en gjin noed hawwe oer it folgjende glês wetter, is der op dit stuit in hiele oare situaasje yn in grut part fan Afrika. Troch ekstreme drûchte hawwe minsken dêr hieltyd mear noed oer iten en drinken en komme der sels minsken om fan de honger. Om omtinken te freegjen foar dizze ramp, en om jild op te heljen is hjoed de hiele dei aksjedei foar Giro 555. Yn it aksjesintrum fan Beeld en Geluid yn Hilversum binne de folsleine dei artysten en bekende Nederlanners oanwêzich om op te treden.

Minsken wurde oproppen om hjoed massaal te donearjen foar de slachtoffers fan dizze drûchte en hongersneed. It giet dan benammen om de lannen Somalië, Jemen, Nigearia, en Súd-Sûdan.

Trefwurden: 
honger drûchte Afrika giro 555
(Advertinsje)
(Advertinsje)