Kollum: "Tiid"

"Ik hâld fan Trump. Rêstich, it is mar in lyts bytsje. Ik fyn it inkeld moai dat hy op de dei dat hy presidint waard al begjinne woe mei de bou fan in muorke, dêr by Meksiko. Ik bin tsjin dy muorre. Ik bin foar om alles wat je wolle en kinne, sa gau mooglik te dwaan. Mar dat bart nea.
Yn Skoatterwâld murken lju ynienen dat der gas ûnder har fuotten weihelle wurdt fia in buiske út Langsweagen. De gemeente Hearrenfean sei earst dat se fan neat wisten en raasden nei Den Haach. Automatyske Fryske reaksje. Minister Kamp liet sykje. Dy amtner hie fansels wol in pear moanne wurk, mar doe blykte dat de gemeente wol deeglik op ’e hichte brocht wie dat soks barre soe. Ja de minster wie wat hastich, hy is tsjin formalisme. En der moast dochs gas komme, Grinslân wie ommers al hielendal fersakke. Mar doe, in jier lyn, hat de gemeente Hearrenfean neat dien. Se tochten ach soks docht in minster net. No, op njoggen oare plakken yn Fryslân en achttjin oare plakken yn Nederlân is al foár de beslútfoarming gas opheind. En net ien hat wat dien. We bin allegear tsjin boarrings, mar we ha neat dien. No pas.
Yn 2012 seine Provinsiale Steaten dat der in lange termyn fyzje komme moast foar it feangreidegebiet yn Fryslân. Dat ha de amtners doe wat ferkeard begrepen, en dy ha nei lange termyn pas in fyzje makke. Dy kaam yn 2015. Mar der is no noch hielendal neat bard. Politisy swelge altyd yn pilots, want dan hoech je noch net definityf te besluten. Dy pilots hiene no begjinne moatten, mar dat is nea bard. En doe’t de steatekommisje der lêsten oer prate, mar der no ynienen partijen binne dy’t dochs wer oars tinke (want de boeren ha op 't heden noch al wat te lijen) waard it fuortrommele. Oar wurd ha ’k der net foar. It Fryske feangreidegebiet mei as ferlern beskôge wurde.
It fleanfjild fan Lelystêd wurdt útwreide. Rûchwei wit ik dat no sa’n tsien, fyftjin jier. En ik ha op de legere skoalle al leard hoe grut it gebiet rûn Skiphol is mei al mar rûnfladderjende fleantugen. Ik ha yntusken begrepen dat de nije fleanbewegingen om Lelystêd hinne al wer sa’n fiif jier bekend binne, en dy gean rom boppe Fryslân. Der is net ien yn Fryslân dy’t him doe hearre litten hat. Mar no’t de tekeninkjes yn de krante stean, no raze se allegear as murden. It is dúdlik dat se fierstente let bin begûn te krimmenearen. No ha we aanst noch mear fize streken oan ús hillich-blauwe himel.
Noardeast-Fryslân, de regio dy’t it fierste fuort leit fan sawol Den Haag as Ljouwert, hie har nocht. Se raasden en doe waarden se ek noch proefregio yn it gearwurkjen. Gearwurkje fan safolle mooglik ynstânsjes. Under it motto fersnellingspolityk. Dat wie in sukses, om't se noch nea gearwurke hienen en no wolle se in regiodeal slute. Den Haach, Ljouwert en Dokkum yn in regiodeal. Ja, hoe moat ik dat no útlizze. Noardeast-Fryslân moat gearwurkje mei Den Haach en Ljouwert om te kommen ta 400 miljoen mear yn it bruto regionaal produkt yn 2025. Sa sawat, mar ach, jim hoege it ek net te begripen. It giet om it wurd fersnelling. Dus reizge Marga Waanders fan 'e wike mei in bus fol noardeasterlingen nei Den Haach om it konsept fan dy regiodeal oan te bieden oan it regear. Dy regearing moat noch formeard wurde, mar Dokkum is fansels it alderswierste punt yn de ûnderhannelingen. In bus fol in hiele dei nei Den Haach. Ofsjoen dat soks noch nea wat opsmiten hat, wit se yn Dokkum net dat je tsjintwurdich ek maile kinne?
Fan 'e wike stiene der tritich amtners foar it provinsjehûs yn Ljouwert. Se koene der net yn. De befeiliger wie der net. Op himsels fyn ik dat al faai. Eartiids wenne haadboade Map van der Meer yn it provinsjehûs. En wie al in oere oan it wurk foardat de amtners kamen. Mar no moasten de amtners in healoere wachtsje op in oare befeiliger. Dy oare 970 amtners fan de provinsje? No ja dy bin altyd al wat letter. Je hoege dêr dochs net sa hurd."
Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.