Frysk op politike aginda yn Berlyn

It Frysk stie tiisdeitejûn op de politike aginda yn Berlyn. In kommisje fan it Dútske Parlemint - der Beratender Ausschuss für Fragen der Friesischen Volkgsgruppe - hie in gearkomste mei Friezen út Dútslân en Nederlân oer de mooglikheid om de bannen te fersterkjen. De Fryske delegaasje stie ûnder lieding fan de 'regionale minister' Sietske Poepjes. Gasthear fan de byienkomst wie Hartmut Koschyk, hy is lid fan de Bundestag foar de CSU en Beauftragter der Bundesregierung für nationale minderheiten.
It Dútske parlemint hat in advyskommisje foar de lytse Fryske minderheden yn Dútslân. Dat is op himsels al bysûnder, want de Nederlânske Twadde Keamer hat soks net. Dy advyskommisje fergaderet op syn minst ien kear yn it jier en diskear woene se dêr hiel graach de Friezen út Nederlân by hawwe. De jûn wie trouwens net yn de Bundestag sels, mar yn it gebou fan dielsteat Sleeswyk-Holstein yn Berlyn, flakby it bekende Potsdamer Platz. Yn Berlyn waard ôfpraat dat de partijen ûndersykje sille oft de Bundesländer Sleeswyk-Holstein en Nedersaksen ek in kultureel ferdrach slute kinne mei Nederlân, of sa mear útwikselingen tusken de trije Fryslannen mooglik te meitsjen. Yn 2018 wurdt fierder praat. Op útnûging fan deputearre Sietske Poepjes sil de 'Friezekommisje' fan de Dútse Bundestag dan yn Ljouwert fergaderje.
Njonken Sietske Poepjes wiene ek ferskate Fryske organisaasjes fertsjintwurdige by it oerlis yn Berlyn lykas de Fryske Beweging, de Fryske Rie en it Europeesk Buro foar Lytse Talen EBLT.