Tydlik restaurant op It Hearrenfean om mieningen te peilen

29 mrt 2017 - 07:02

Stel je binne de boargemaster fan in middelgrutte Fryske gemeente, en je wolle witte hoe't je ynwenners oer in bepaald ûnderwerp tinke. Dan kinne je ôfwachtsje oant dy ynwenners ynsprekke by in riedsgearkomste, je kinne in ynrinjûn organisearje, mar boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean pakt it krekt wat oars oan. Hy iepenet woansdeitemiddei in tydlik restaurant, dêr't er minsken ûntfange wol dy't in miening ha oer de komst fan in nij Van der Valk hotel op It Hearrenfean.

(advertinsje)
(advertinsje)