Oanlis nijbouwyk Steenslân by Stiens begûn: 80 huzen derby

Yn Stiens is de kommende tsien jier romte foar tachtich nijbouwenten oan de râne fan it doarp. De skeppe gie tiisdei de grûn yn foar de nijbouwyk Steenslân.
De nije wenten moatte komme tusken de besteande bebouwing en bernebuorkerij Doniastate oan de eastkant fan it doarp. Neist de wenningen wurdt der ek in nije feart groeven, sadat in part fan de hûzen oan it wetter lizze. De nije feart slút oan op de besteande Kletsefeart. Dêrtroch kinne minsken mei in boat de nije wyk yn farre.
Neffens de gemeente Ljouwerteradiel is der in soad ferlet fan de nije wenten. By de earste ferlotting wiene der al sechstjin belangstellenden.