"GrienLinks moat net te folle wetter by de wyn dwaan"

28 mrt 2017 - 20:00

As GrienLinks belangrike punten yn it nije kabinet net foarinoar krije kin, moat de partij net meidwaan. Dat sei Retze van der Honing, fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn Provinsjale Steaten. Hy wie tiisdei te gast yn it polityk programma It Polytburo op Omrop Fryslân Telefyzje.

GrienLinks ûnderhannelet mei VVD, CDA en D66 oer in nije regearing. Yn de formaasje wol foaral D66 graach dat GrienLinks meidocht. De kâns is grut dat GrienLinks de holle yn in strop stekt, sa joech Van der Honing ta.

(Advertinsje)
(Advertinsje)