FIDEO: UNIS Flyers huldige op gemeentehûs Hearrenfean

28 mrt 2017 - 18:18

De iishockeyers fan de UNIS Flyers binne tiisdeitemiddei yn it sintsje set troch de gemeente Hearrenfean. De ploech waard freed kampioen fan de BeNe-League. Earder skreaunen se ek al it Nederlânsk kampioenskip en de beker op harren namme. Boargemaster Tjeerd van der Zwan en sportwethâlder Jelle Zoetendal oerlangen in kado oan de iishockeyers. Ek waard der in foto makke op it bordes.

Trefwurden: 
UNIS Flyers iishockey
(Advertinsje)
(Advertinsje)