Nije provinsjale regeling oanlis rap ynternet bûtengebiet

28 mrt 2017 - 17:49
Glêsfezel - Foto: Omrop Fryslân

De provinsje hâldt op mei it breedbânfûns foar rap ynternet. It fûns waard ein 2015 oprjochte. Oant no ta binne der gjin projekten yntsjinne dy't oan de easken foldogge. Sa koe gjinien it foarinoar krije de kosten foar de helte troch de merk betelje te litten.

Yn plak fan it breedbânfûns komt der no wat nijs. Inisjatyfnimmers kinne tenei ynskriuwe op in provinsjale liening foar de oanlis fan glêsfezel yn bûtengebieten. De provinsje tinkt dat de nije opset de oanlis fan glêsfezel yn min berikbere gebieten goed helpe kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)