Tredde ynbraak yn in jier by kuorbalferiening Leonidas

28 mrt 2017 - 17:48

Foar de tredde kear yn in jier tiid is der ynbrutsen yn de kantine fan kuorbalferiening Leonidas yn Noardwâlde. Dat barde moandeitenacht. Krekt as de foarige kearen waard der in rút iepenbrutsen yn de keuken om binnen te kommen. It hiele gebou is trochsocht en al it snobbersguod is stellen. In jier lyn waard de hiele foarried frisdrinken en bier meinaam.

Ek by fuotbalklup Olyphia yn Noardwâlde wie der in ynbraak. Twa bûtenbergingen waarden mei in koefoet iepenbrutsen. It is net bekend oft der ek wat stellen is.

(advertinsje)
(advertinsje)