Grou kin fersakke huzen Noarderdwersstrjitte oanpakke

28 mrt 2017 - 17:39

De Provinsje Fryslân, wenningboukorporaasje Elkien en de gemeente Ljouwert stekke jild yn it opknappen fan de Noarderdwersstrjitte yn Grou. Yn de strjitte binne problemen mei fûneminten en fersakkingen. Achttjin wenning moatte weropboud wurde.

Wenningboukorporaasje Elkien makket sa'n 9 ton frij om de weardedaling fan de wenningen te kompensearjen. De gemeente Ljouwert betellet 203.000 euro oan de sloop- en herstrukturearringskosten foar de Noarderdwersstrjitte, en de provinsje maksimaal 160.000 foar it opknappen fan de strjitte.

Beskerme doarpsgesicht

It provinsjale jild kin brûkt wurde foar de mearkosten dy't ûnstean trochdat de strjitte beskerme doarpsgesicht is. Ek mei it jild brûkt wurde foar de werynrjochting fan de iepenbiere romte en de plankosten.

Ein oan ûnwisse perioade

"Na een lange en lastige periode is er nu een goede oplossing voor de bewoners', seit Alex Bonnema, direkteur-bestjoerder fan Elkien. 'Ik vind het mooi om te zien dat we als drie partijen de handen ineen slaan om de bewoners een stap verder te helpen. Hiermee komt een einde aan de onzekerheid waar de particuliere woningeigenaren in zaten.'

(Advertinsje)
(Advertinsje)