Amerikaanske F-15's bliuwe langer op Fleanbasis Ljouwert

28 mrt 2017 - 19:00
F-15 (fotofoarbyld) - Foto: ANP

De Amerikaanske F-15's dy't fanwege de ynternasjonale oefening Frisian Flag op de fleanbasis yn Ljouwert binne, bliuwe langer. De oefening duorret twa wiken, mar de Amerikaanske tastellen bliuwe oant ein april.

De Amerikanen wolle bûten Frisian Flag om ek oefenje mei Nederlânske, Dútske en Ingelske tastellen. Noard-Nederlân is in goed gebiet om boppe te oefenjen, fine de Amerikanen. Se wolle harren reis nei Nederlân sa goed mooglik benutte.

(advertinsje)
(advertinsje)