Hast 40 kandidaten foar boargemasterspost Weststellingwerf

28 mrt 2017 - 17:22

Der binne 37 minsken dy't boargemaster yn Weststellingwerf wurde wolle, as opfolger fan Gerard van Klaveren. Dy hâldt per 1 july op. Fan de sollisitanten binne njoggen frou. Mear as de helte fan de gadingmakkers is tusken de fyftich en de sechtich. It binne foaral VVD-leden (8) en leden fan GrienLinks (7) dy't sollisitearre ha. Kommissaris fan de Kening Arno Brok makket in seleksje út de sollisitanten en bepraat dy mei in delegaasje fan de gemeenteried. De ried beslist úteinlik wa't de nije boargemaster wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)