Man út Oentsjerk krijt wurkstraf foar berneporno

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In man út Oentsjerk is feroardiele ta 150 oeren wurkstraf en in heal jier selstraf ûnder betingst, omdat er berneporno makke hat. De man hat tusken 2005 en 2011 meardere kearen foto's makke fan jonge famkes dy't by him oer de flier kamen. By it fonnis is der rekken mei hâlden dat de man de famkes net twongen hat en hy de foto's net ferspraat hat. Ut ûndersyk hat bliken dien dat de man pedofile gefoelens hat, hy wurdt dêr no foar behannele. De rjochter wol dat er dêrmei trochgiet. Hy bliuwt ek ûnder kontrôle fan de reklassearring.