Theehuis Grou krijt tydlik ûnderkommen op it wetter

28 mrt 2017 - 16:17

It ôfbaarnde Theehuis yn Grou krijt in tydlik ûnderkommen. It giet om in driuwend paviljoen op it wetter foar it âlde pân. It nije ûnderkommen giet 15 april iepen en is bedoeld om de eigeners en har personiel de simmer troch te helpen. Doel is dat der yn 2018 in nij Theehuis delset wurdt op it plak fan it âlde. Hoe't dat der krekt út komt te sjen is noch net dúdlik. Ek is it noch net wis wannear't der begûn wurde kin mei de bou. Doel is dat it tydlike paviljoen fan dan ôf brûkt wurdt foar oare aktiviteiten yn en om Grou.

It Theehuis waard op 26 febrewaris yn de jiske lein troch in útslaande brân.

Trefwurden: 
Theehuis Grou paviljoen
(Advertinsje)
(Advertinsje)