Stichting nimt tsjerken Koarnjum en Jelsum oer

28 mrt 2017 - 15:48

De stichting Alde Fryske Tsjerken nimt de tsjerkegebouwen fan Koarnjum en Jelsum oer fan de herfoarme gemeente Britsum-Koarnjum-Jelsum. De stichting krijt der ek lân by, sadat de gebouwen yn stân hâlden wurde kin. De romaanske Sint Genovevatsjerke fan Jelsum stamt út de tolfde iuw. De Sint Nicolaastsjerke fan Koarnjum waard yn de 19e iuw boud, as ferfanging fan in gebou út de betide midsiuwen. Nei de oerdracht oan de stichting Alde Fryske Tsjerken komme de gebouwen by ien pleatslike kommisje yn behear.

De stichting hat no hast fyftich tsjerkegebouwen oernaam fan tsjerklike gemeenten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)