D66 wol spesjaal taryf iepenbier ferfier foar skoalbern

28 mrt 2017 - 15:29
Yntsjekke OV-chipkaart

Skoalbern moatte foar in spesjale priis mei it iepenbier ferfier reizgje kinne. Dat fynt D66 yn Provinsjale Steaten. Neffens de partij binne de kosten flink omheech gien en binne der ferskillen yn wêr't je yn Fryslân mei de bus of de trein reizgje. Yn it westlik part fan de provinsje binne de abonneminten ôfskaft en kin der allinne noch mei de OV-chipkaart reizge wurde. Dat is wol folle djoerder. Yn oare provinsjes wurkje se wol mei in spesjaal taryf foar skoalbern. Dat soe ek yn Fryslân moatte, seit D66.

(Advertinsje)
(Advertinsje)