Selstraffen easke tsjin ynbrekkers tankstasjon Wynjewâld

© Omrop Fryslân
Tsjin trije manlju út Amsterdam is trije moanne sel easke omdat se trije-en-in-heal jier lyn ynbrutsen hawwe soene by in tankstasjon yn Wynjewâld. Dêrby namen se hast alle sigaretten en sjek mei dy't dêr wiene.
Fanwege in eardere ynbraak by it tankstasjon hie de plysje in tracer tusken de sigaretten lein. Sadwaande koe de bút deselde nachts noch fûn wurde. De ynbrekkers waarden oan de hân fan DNA-materiaal opspoard. Se ûntkenne dat se der wat mei te krijen hawwe. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.