Arne Slot ferruilet Cambuur foar AZ

28 mrt 2017 - 15:20

Arne Slot ferruilet mei yngong fan it nije seizoen Cambuur foar AZ. Dêr wurdt er de assistint fan haadtrainer John van den Brom.

De 38-jierrige Slot hat by Cambuur op dit stuit tegearre mei Sipke Hulshoff de lieding oer it earste alvetal. De twa assistinten namen yn oktober de taak oer fan Rob Maas, neidat dy ûntslein wie. Se krigen yn jannewaris te hearren dat se oan de ein fan it seizoen ta ferantwurdlik bliuwe foar it earste alvetal. Slot hat foar trije jier tekene by AZ.

Trefwurden: 
fuotbal Arne Slot SC Cambuur
(Advertinsje)
(Advertinsje)