Sineesk partnerbedriuw FrieslandCampina yn swier waar

28 mrt 2017 - 15:09
Foto: Friesland Campina yn Ljouwert

In Sineesk partnerbedriuw fan suvelkonsern FrieslandCampina hat grutte problemen. Huishan Dairy is finansjele ferplichtingen net neikaam en de topbestjoerder fan finânsjes is spoarleas. De beurswearde fan it bedriuw is ek nochris foar in grut part fuort. Huishan hat in joint venture mei FrieslandCampina foar de produksje en ferkeap fan berne-iten yn Sina. FrieslandCampina hâldt de situaasje skerp yn de gaten. As it nedich is, komt it bedriuw yn aksje om de aktiviteiten op de Sineeske merk te beskermjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)