Twa manlju oanhâlden foar dumpen kninen yn Lauwersmargebiet

28 mrt 2017 - 14:03
Foto: Twitter @Boswachter_Lies

De plysje hat twa manlju fan 24 en 28 jier út de gemeente Dongeradiel oanhâlden foar it dumpen fan kninen lâns de Kwelderwei by Kollumerpomp, yn it Lauwersmargebiet begjin maart. It duo hat bekend en seit dat se de kninen achterlitten hiene fanwege finansjele soargen. In meiwurker fan Steatsboskbehear fûn de deade en libbende kninen op 7 maart. De deade bisten hiene de kninesykte. De kninen dy't noch wol libben, binne nei in biste-opfang brocht en binne allegear sûn. De plysje kaam de twa manlju op it spoar nei in melding op Facebook.

It iepenbier ministearje sil bepale wat foar straf de beide manlju krije.

(Advertinsje)
(Advertinsje)