Plysje hâldt man oan foar bedriging

28 mrt 2017 - 13:43
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat earne yn Fryslân in man oanhâlden fanwege drigeminten yn de rjochting fan in skoalle yn Spijkenisse. De plysje hie in melding krigen dat de man mooglik nei de skoalle tagean soe en dat er mooglik in wapen by him hie. De fertochte hat in bern op dy skoalle. De skoalle hat even ticht west foar bûtensteanders en wie allinne tagonklik foar heiten en memmen dy't har bern ophelje woene. No't de man fêstsit is de driging oer. De fertochte wurdt heard en de plysje praat ek mei oare belutsenen.

Trefwurden: 
plysje Spijkenisse bedriging
(Advertinsje)
(Advertinsje)