Grinsrjochter Zeinstra giet nei WK ûnder 20 yn Súd-Koreä

Erwin Zeinstra yn aksje
Grinsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp sil dit jier op 'e nij aktyf wêze op in wrâldkampioenskip fuotbal. Mei skiedsrjochter Björn Kuipers en grinsrjochter Sander van Roekel reizget Zeinstra ôf nei Súd-Koreä foar it WK ûnder de 20 jier. Dat wurdt fan 20 maaie oant en mei 11 juny holden yn it Aziatyske lân. De Nederlânske ploech sil dêr meardere wedstriden liede. Danny Makkelie giet mei as fideoskiedsrjochter.
Ek kommend wykein stiet der in moaie wedstriid op it programma foar Zeinstra. Hy is grinsrjochter by de klassiker tusken Ajax en Feyenoord, de boppeste twa klups yn de earedifyzje.
It WK ûnder de 20 jier yn Súd-Koreä is foar it team fan Kuipers in goede mooglikheid harren sjen te litten foar takom jier, as it WK yn Ruslân op it programma stiet. Meardere goede skiedsrjochters komme nammentlik yn Súd-Koreä yn aksje. Boppedat kin der oefene wurde mei de fideoskiedsrjochter, wat ek wer belangryk wêze kin foar it 'grutte' WK yn 2018.