Auto mei ynsittenden te wetter yn Ljouwert

28 mrt 2017 - 12:47

Oan de Smeetsmastins yn Ljouwert is tiisdei in auto yn it wetter rekke. De 81-jierrige bestjoerster en in man (83) dy't by har yn de auto siet, koenen der troch omstanners úthelle wurde. Ien fan de omstanners wie yn it wetter sprongen om de slachtoffers te rêden. De twa binne nei ûndersyk troch ambulânsepersoniel nei hûs ta brocht.

De traumahelikopter waard ek oproppen, mar dy koe wer ôfsein wurde. Dûkers hawwe ek noch yn aksje west. Hoe't de auto yn it wetter bedarje koe, is noch net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)