Juwelier Zeilstra hat it noch altyd drok mei simmertiid

28 mrt 2017 - 12:20

De simmertiid gong ôfrûne wykein wer yn en Johan Zeilstra fan juwelier Remark yn Ljouwert hat it dêr noch altyd drok mei. Hy moat noch sa'n tûzen horloazjes in oere foarútsette. En dêr bliuwt it net by, want hy hat it ek nochris ekstra drok mei klanten dy't mei harren horloazjes nei de winkel komme. Zeilstra fynt it lykwols gjin ferfelend putsje om al dy klokjes wer gelyk te setten. "It heart derby. Alles wer moai op 'e tiid, in doekje der oerhinne en dan glinsteret alles wer moai. It hat ek syn goede kanten."

Sa no en dan is it wolris dreech. "Guon horloazjes binne technysk wat yngewikkelder. Dan moatst even gebrûk meitsje fan de kennis en de training dy't je hân ha en dan slagget it úteinlik wol", sa fertelt Zeilstra. Sels hy kin net altyd sûnder hantlieding. "By dy technyske horloazjes sitte hiele boekwurken en omdatst it net sa faak yn it jier dochst, moat it boekje der alle kearen wol wer even by."

De simmer- en wintertiid leverje Zeilstra ekstra drokte op en hoege wat him oanbelanget net ôfskaft te wurden. "De earste twa wiken dernei binne gewoan drokker mei service oan horloazjes. Elke euro is wolkom, dus fan my mei it wol sa bliuwe."

Trefwurden: 
juwelier horloazje simmertiid
(advertinsje)
(advertinsje)