Druk op de psychiatryske soarch nimt ta

De druk op de psychiatryske soarch wurdt hieltyd grutter. Troch strangere regels bliuwe minsken folle langer thús wenjen. Dat betsjut ek in gruttere druk op de omjouwing, lykas famylje, freonen en buorlju. Yn Snits besiket de GGZ yn gearwurking mei oare helpferlieningsorganisaasjes lykas ferslavingssoarch mei in spesjaal team dizze problematyk sa goed mooglik op te fangen. De pilot liket slagge en wurdt trochsetten. It FACT team siket de minsken mei komplekse problematyk aktyf op en besiket ek de omjouwing te stypjen.