Ekstra ferkearskontrôles op de A7

Plysje, Iepenbier Ministearje en Rykswettersteat sille it kommende healjier ekstra kontrolearje op de A7. Tema fan de aksje is 'aandacht op de weg'. Neffens de plysje gebeure der in soad ûngelokken op de A7 dy't feroarsake wurde om't bestjoerders ôflaat wurde. Benammen it brûken fan de mobile telefoan achter it stjoer sil oanpakt wurde. De plysje sil yn opfallende en net-opfallende auto's kontrolearje en set dêrneist motorriders, laserguns en radarapparatuer yn.
Yn Fryslân binne de kontrôles benammen by de rotonde fan De Jouwer en de klaverblêden by It Hearrenfean en Drachten. Rykswettersteat sil bestjoerders wize op it gefaar fan it brûken fan de telefoan achter it stjoer.