Presintaasje fontein Harns útsteld

Logo KH2018
De presintaasje fan it ûntwerp fan de fontein fan Harns wurdt útsteld. Neffens Kulturele Haadstêd 2018, dêr't it fonteineprojekt ûnder falt, hat de gemeente oanjûn dat dy it ûntwerp earst sjen wol, dus foar't it oan de ynwenners presinteard wurdt. De presintaasje fan it plan soe kommende freed yn Trebol plakfine. Der wurdt no socht nei in nije datum. By de presintaasje sille ek Grazia Cattaneo en Philippe Picoli fan Grappa Studio oanwêzich wêze en sil it keunstnersechtpear Allora en Calzadilla fia Skype harren ûntwerp taljochtsje.
De fontein moat yn de Willemshaven komme, neffens de organisaasje in útdaagjend plak om't der meardere ynstânsjes oer gean, it tichtby farrûtes leit en der sprake is fan eb en floed.