Gerskarpers moatte wyldgroei oan fiverplanten opite

Gerskarper © Eric Engbretson
Gerskarpers moatte yn Wolvegea de wyldgroei oan planten yn fivers oplosse. In mearderheid fan de gemeenteried fan Weststellingwerf hat in moasje hjiroer moandeitejûn oannaam. De moasje waard yntsjinne troch de ienmansfraksje Ronald Westenberg. De karpers moatte it grien opite. Mei de pleatslike angelsportferiening wurdt sjoen wat geskikte plakken binne om in proef te dwaan. De gemeente wol foarsichtich te wurk gean, om foar te kommen dat de karpers in bedriging wurde foar oare fisksoarten.