Kollum: "Frisia"

"Om mar ris in kommentaar út in âlde krante oan te heljen: ‘As it net de bittere wierheid wie, soe it in ûnskuldich grapke wêze kinne, it berjocht dat yn Grinslân alle war dien wurdt om Skiermûntseach te bemachtigjen. Nee, it is gjin ferheffend skouspul dat ús bean wurdt en dêr’t wy ta twongen wurde om yn mei te spyljen. De anneksaasjegedachte siket ek al binnen de nasjonale grinzen har emploai en ús neiste, eastlike buorman lit syn begearich each op in part fan ús wyngerd falle…’
It is beslist net nij, it idee dat Skiermûntseach by Grinslân hearre soe. Mar dat dat idee sa sterk by de Grinslanners libbet sa’t lêst noch bliken die, hie ik net tocht. Nei de ferkiezings fan okkerdeis liet RTV Noord in kaartsje fan Grinslân sjen, ynklusyf Skiermûntseach. Earder al hie RTV Noord in poll hâlden mei de stelling: Schier heurt by Grunnen. De útslach dêrfan wie dúdlik. Mear as 75% antwurde mei ‘joa’.
Toch heart Skiermûntseach by Fryslân, ek al ‘rint’ it eilân hieltyd eastliker. De muontsen út Rinsumageast fan kleaster Klaarkamp wennen dêr. Skiermûntseach wie yn it ferline grûn fan it kleaster en de muontsen ûnderhâlden dat. Dy waarden de Skiere muontsen neamd fanwegen harren grize pij. Skiermûntseach is ien fan de Fryske eilannen, mei oare wurden.
Lang lyn wiene alle Noarderlingen Frysk. Der wie in sterke, mienskiplike identiteit dy’t men fûn fan it Zwin by Brugge oant de Wezer by Bremen. Mar as men it beheind ta it noarden praat men oer it hjoeddeiske Noard-Hollân, Fryslân, Grinslân en Noard-Dútslân. Foar de folsleinens heart dêr ek noch Noard-Fryslân by, de kuststripe tusken de rivieren Eider en Wiedau, de eilannen en de Halligen. Om no fierder strontsykjen foar te kommen as it oer bygelyks Skiermûntseach giet, is de koartste klap om dat âlde gebiet wer ta in ienheid te smeien.
Dêr sit nammentlik logika yn. Fan âlds is der in sterke gearhing tusken de noardlike regio’s. Dat hat te krijen mei oerslachfasiliteiten, de havens en de skipfeart. Mar ek mei it agrarysk grûngebrûk, de religy, de arsjitektuer en it lânskip. Tink ek oan it Waad. Sels in ûngrypber fenomeen as mentaliteit ferieniget de minsken út de noardlike regio's mear as dy mei lju út bygelyks de Rânestêd. Dat is gjin wearde-oardiel, mar in fêststelling. Ik pleitsje al jierren foar in noardlike regio, ien dy’t oer de grinzen hinne giet, in saneamde Euregio. Brussel stimulearret sokke grinsoerstiigjende projekten en dêr kinne wy ús foardiel mei dwaan. Op ekonomysk mêd, mar ek as it oer ekology en duorsumens giet. Yn Fryslân, Grinslân en Noard-Dútslân binne tal lokale projekten fandatoangeande. It besef dat wy it mei it each op de takomst oer in oare boech smite moatte, liket hjir grutter te wêzen as yn polityk De Haach.
Dat, bêste Grinslanners, Skiermûntseach is fan ús allegear en yn it foarste plak fan de eilanners sels. Datselde ‘allegear’ is yn myn optyk in nije noardlike regio. In mânske regio. Mei de namme Frisia. Want de histoarje moat ek syn gerak ha."
Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.