Musea op It Hearrenfean wolle mear kultuerbudzjet gemeente

27 mrt 2017 - 22:58

It wurdt tiid dat de gemeente Hearrenfean wer mear jild útlûkt foar kultuer yn plak fan minder. Dat wie moandeitejûn it boadskip fan fjirtjin krityske ynsprekkers op de nije kultuernota fan de gemeente. Oer dy nije nota is in soad te dwaan. Museum Hearrenfean moat safolle ynleverje dat it net iepen bliuwe kin. Museum Belvédère krijt foar it earst 30.000 euro stipe fan de gemeente, mar mei dat bedrach is dat museum net rêden, seit konservator Han Steenbruggen. Belvédère hie de gemeente om 50.000 euro stipe yn 't it jier frege.

As de stipe beheind bliuwt ta 30.000 euro is de kâns oanwêzich dat it museum oer twa jier slute moat.

Direkteur Linda Trip fan Museum Heerenveen pleitet ek foar in grutter kultuerbudzjet. Troch de kultuerpot fan de gemeente Hearrenfean te ferheegjen mei 75.000 euro kinne neffens har in hiel soad problemen oplost wurde. No't it nei de ekonomyske krisis fan de ôfrûne jierren ek op It Hearrenfean wer better giet, wurdt it tiid dat ek de kulturele sektor wer wat fan de besunigings fan de ôfrûne jierren werom krijt, sa is Trip fan betinken.

Domela Nieuwenhuis Museum

Perspektyf foar Museum Heerenveen is ek tige wichtich foar it Domela Nieuwenhuis Museum, dat by Museum Heerenveen ûnderbrocht is. As dat lêste museum ticht giet, is de kâns grut dat de Domela Nieuwenhuissamling út Fryslân ferdwynt, seit histoarikus Johan Frieswijk. Hy neamt soks ivich skande, want de sosjale skiednis fan Domela Nieuwenhuis - ek wol bekend as 'ús ferlosser' - heart by it Hearrenfean.

It eardere kiesdistrikt Schoterland - mei Hearrenfean as grutste kearn - wie ein 19de iuw it earste fan Nederlân dat in sosjalist nei de Twadde Keamer stjoerde. Domela Nieuwenhuis kaam op foar de earme feanarbeiders yn de Fryske súdeasthoeke. Syn museum heart dêrom op It Hearrenfean en moat dêrom - as it heal kin - net nei Amsterdam of it depot ferdwine, sa is Frieswijk fan betinken. It Domela Nieuwenhuis Museum is úteinset mei in online-petysje foar it behâld fan it museum.

Nije kultuernota

Njonken de trije musea wiene der ek in soad oare ynsprekkers lykas Festival Oranjewâld, Wurkgroep Oud-Heerenveen en Stichting Tijd fan de ekokatedraal fan Louis le Roy. Ferskate ynsprekkers ûnderstreken it grutte belang dat Museum Hearrenfean neffens harren hat.

No tongersdei wurdt der fierder praat oer de nije kultuernota. Dan wurdt ek dúdlik oft de politike partijen ek wat dogge mei alle krityk en suggestjes fan de ynsprekkers. It beslút oer de nije nota - en dus ek oer de takomst fan Museum Hearrenfean - falt op 10 april.

(Advertinsje)
(Advertinsje)